De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer bestiet út in entûsjaste ploech minsken die´t jierliks in Jouster nijjiersrevu op de planken sette wol. Doe´t de Fryske Krite nei 27 jier stoppe mei de revu, hat dizze ploech op 10 en 11 jannewaris 2014 harren earste (de 28ste) nijjiersrevu op ´e planken set mei it tema: Frjemde Fûgels.
Út de entûsjaste reaksjes en it oantal besikers (700 oer trije foarstellingen) blyk dat der genôch belangstelling is foar in nijjiersrevu. 
Op 9 en 10 jannewaris 2015 hat de twadde (de 29ste) nijjiersrevu plak fûn mei it tema: In wiete boel. Ek hjirop wiene yn it generaal de reaksjes posityf. Der wiene 730 besikers yn trije foarstellingen.
De tredde (30ste) nijjiersrevu mei it tema: Út en Thús hat plak fûn op 8, 9 en 16 (middeis en jûns ) jannewaris 2016. Omdat it in jubileum revu wie, hat de organisaasje besluten om dizze kear fjouwer foarstellingen te jaan. It publyk wie laaiene entûsjast (sjoch resinsjes) en dat die ek wol bliken út it oantal besikers fan dizze revu: 950.
Op 7, 13 en 14 (middeis en jûns) 2017 hat ús fjirde (31ste) nijjersrevu plak fûn mei it tema Fjoer en flam. De reaksjes fan de media (krante resinsjes) wienen sa as de foargeande jierren wêr posityf. It oantal besikers nimt noch steeds ta. Dizze kear wie dat: 986.
It tema fan de fiifde (32ste) nijjiersrevu wie Wy dogge noch in rûntsje!. Oer de fjouwer foarstellingen op 6, 12 en 13 jannewaris 2018 mochten wy 944 besikers wolkom hjitte; mei troch de hearskjende gryp krekt wat minder as ferline jier. De resinsjes wiene ek dit jier wer net mis (sjoch by Nijs)
Hulten en Bulten sa hiet de sechsde (33ste) Nijjiersrevu. Leafst 1.011 besikers kamen yn jannewaris 2019, ferdield oer 4 foarstellingen, nei ´t Haske. Se wiene poer entûsjast, lykas de kranten (sjoch wer by Nijs). It doel fan us foarsitter fan 999 besikers wie hjirmei behelle.
Yn jannewaris 2020 wûn Niijiersrevu de Jouwer De Kultuerpriis De Fryske Marren 2019. Yn it foar hiene we net betinke kinnen dat it tema fan de 34e Niijjiersrevu Grut, Grutter, Grutsk sá tapaslik wêze soe! Ek grutsk wiene wy op it nije besikersrekord fan 1.015, ferdield oer 4 foarstellingen. De reaksjes wiene oer it algemien wer hiel posityf.